03
02
It geheim fan'e Kānselier foar Freonen fan Tryater
Ofrūne tiisdei 31 jannewaris en woansdei 1 febrewaris wie It geheim fan'e Kānselier te sjen yn it Tryatergebou spesjaal foar de Freonen fan Tryater. Mei in sjittinte, de Kop fan Jut, sūkerspinnen en popcorn koene de Freonen foarōf yn de sfear komme fan de foarstelling. Fierder wie der waarm iten en koe der neipraat wurde mei Skiep, Keimpe, Bline Arend en de Kānselier. Sjoch ūnder it kopke 'Freonen' foar foto's.
03
02
Lespakket by It geheim fan'e Kānselier
It geheim fan ‘e kānselier is net allinne foar folwoeksenen! Mear as 4000 bern śt de groepen 7 & 8 fan 121 basisskoallen yn Fryslān sille de kommende wiken nei de foarstelling ta! Nije wike krije de earste basisskoallen in lespakket. Yn de lesdoaze sit ūnder oaren in lesbrief foar dosinten, in boekje foar learlingen mei leuke opdrachten, in echte ‘Plysje Buorman’ pet (wa past ‘m net?) en in poster. Mei it lespakket kinne de juffen en masters de bern tariede op de foarstelling.
25
01
Juster is it earste eksimplaar fan Foarstellings-cd mei ferskes śt It geheim fan ‘e Kānselier śtrikt Janneke Brakels
Juster is it earste eksimplaar fan de foarstellings-cd fan Piter Wilkens mei ferskes śt It geheim fan ‘e Kānselier śtrikt oan it jonge sangtalint Janneke Brakels nei de foarstelling by Tryater.