Skinkingen

Tryater is as kulturele ynstelling kwalifisearre as ANBI, in algemeen nut beogende instelling. Der binne yn Nederlân in protte stichtingen en ferieningen dy’t har ynsette foar it goeie doel. By in ynset fan minimaal 90 prosint foar in algemien nuttich doel, kin de belestingtsjinst sa’n organisaasje offisjeel oanmerke as in ANBI.

In jefte oan in ANBI leveret in ekstra belestingfoardiel op yn de ynkomstebelesting en de vennootschapsbelesting. In belestingplichtige mei nammentlik 1,5 kear it bedrach fan de jefte dy’t dien is ôflûke fan de oanjefte. Foar de vennootschapsbelesting jildt dat maksimaal € 5000,- oan jeften fermannichfuldige wurde kin. Dizze ekstra jeftenôftrek kin foar it earst oanjûn wurdt by de oanjefte oer it belestingjier 2013. 

Mear ynformaasje oer de Geefwet is digitaal werom te finen as ûnderdiel fan de Belastingwet 2013, under oaren op de webside fan Daargeefjeom of de webside fan de Rijksoverheid.

> Lês mear

Wy advisearje jo graach

Valentijn Fit: v.fit@tryater.nl

Saaklik

Bedriuwen dy’t harren graach kultureel ûnderskiede wolle kinne bijdrage oan it oanbod fan Tryater. Dit kin op ferskate wizen.

Freonen Bizz

Tryater is bekend as toanielselskip. Mar Tryater is mear en kin mear foar jo betsjutte as jo no stiper wurde fan ús Tryater Freonen Bizz. Dit kin al foar € 350,- it jier!

  • 2 fergees tagonklike byienkomst dêr’t jo oare stipers yn in losse sfear moetsje kinne.
  • ‘Wildcard’ dêr’t jo ien kear ien yntrodusee mei meinimme meie nei dizze organisearre byienkomsten
  • Foar 2 personen fergees tagong by alle reguliere foarstellingen fan Tryater yn ús eigen gebou oan de Oostersingel 70
  • 10% koarting op op maat makke bedriuwsarranzjemint of bedriuwstraining
  • 25% koarting op ferhiermooglikheden fan it gebou fan Tryater
  • 10% koarting op het oeretaryf fan de ekspertize fan ús artistike team
  • Foarrang by it boeken fan in bedriuwsarranzjemint.

Skinkingen

Tryater is as kulturele ynstelling kwalifisearre as ANBI, in algemeen nut beogende instelling. Der binne yn Nederlân in protte stichtingen en ferieningen dy’t har ynsette foar it goeie doel. By in ynset fan minimaal 90 prosint foar in algemien nuttich doel, kin de belestingtsjinst sa’n organisaasje offisjeel oanmerke as in ANBI. In jefte oan in ANBI […]

Mear ynformaasje oer de Geefwet is digitaal werom te finen as ûnderdiel fan de Belastingwet 2013, under oaren op de webside fan Daargeefjeom of de webside fan de Rijksoverheid.

> Lês mear

Sponsoring

Tryater wurket mei regelmaat mei sponsers dy’t ferbûn binne oan in spesifike foarstelling. 

  • Sponsoring fan Tryater as selskip.
  • It sponsorjen fan in spesifike foarstelling; bgl. ús lokaasjefoarstellingen of de krystfoarstelling
  • Bedriuwen kinne in skinking dwaan, mei as bykommend foardiel in fiskale koarting.
  • Tryater ûntwikkelt somtiden projekten yn gearwurking mei bedriuwen. In foarbyld dêrfan is de lokaasjeteatertrilogy Down South of de gearwurking mei de Afûk foar Tomke siket om ‘e kluts.Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei Valentijn Fit, v.fit@tryater.nl of 058-2882335.

Partners

Tryater is ûnderdiel fan de lanlike basisynfrastruktuer en dêrmei ien fan de 9 fêst subsidiearre toanielselskippen fan Nederlân. De oerheidssubsydzje dy’t Tryater ûntfangt wurdt per keunsteperioade op ‘e nij fêststeld. 

> Lês mear