MEI DE FREONEN FAN TRYATER NEI SKYLGE

Tryater spilet dit jier de meartalige lokaasjefoarstelling Wie overleeft de grutto? op Oerol op Skylge.

De skries, de panda, Darwin, in hjoeddeiske biologe en in âldere keunstneres sûnder bern besette in stik lân. Se litte it publyk ferskillende perspektiven sjen oer hoe’t it fierder gean kin mei de wrâld, mei de skries en mei ús, de minske. Wie overleeft de grutto? is in absurde en ek mankelike útstjerringstrip lâns de ôfgrûnen fan ús beskaving.

In foarstelling fan: Elze van den Akker, Silvia Andringa, Aly Bruinsma, Bruno Doedens, Douwe Dijkstra, Karel Hermans, Ira Judkovskaja, Karlijn Kistemaker, Aukje Schaafsma en Eelco Venema.

Spesjaal foar de Freonen fan Tryater hat Tryater in folslein fersoarge dei-arranzjemint gearstald op woansdei 7 juny. Waddenbedriuw Neptunus út Harns sil ús mei de boaten Regina Andrea en Petra hinne en werom bringe. Jimme binne de alderearste(n) dy’t dizze foarstelling sjen kinne op Skylge, it is de earste repetysje op it eilân, twa dagen foar it begjin fan Oerol.

Programma:

09.00 oere    Ynchecke, kaartkontrôle by Waddenbedriuw Neptunus

09.30 oere    Ôfreis mei de boat nei Skylge
ûnderweis kofje en tee mei wat lekkers

11.30 oere     Oankomst Skylge
Utrikken fietsen en in lunsjpakketsje. Jim krije fan ús de oanfangstiid fan de repetysje noch troch. De lokaasje is Arjensdún, yn de buert fan Hee. De foarstelling duorret ûngefear in oere en in kertier. Foar of nei de repetysje is der tiid om oer it eilân te fytsen, yn in doarpke te strunen of op it terras te sitten.

17.15 oere     Fytsen ynleverje

17.30 oere    Werom oan board
ûnderweis Oerolbuffet mei frites, rys mei kowestoofpotsje, waarme griente, raukostsalade en rabarberkompôte (ek fegetarysk).

20.00 oere   Oankomst Harns, ein programma

Kosten
Arranzjemint mei (fegetarysk) Oerolbuffet en fyts mei fersnellings: € 62,50
Arranzjemint mei (fegetarysk Oerolbuffet) en e-bike: € 74,-
Freonen dy’t al op Oerol binne kinne harren ek opjaan foar de repetysje en in lunsjpakketsje bestelle: € 10,-

Kaarten binne te bestellen op dizze webside of telefoanysk 058-2539550

Foar minsken dy’t net goed rinne kinne of minder-falide binne is dizze foarstelling spitigernôch wier net geskikt.

Partikulier

Jim geane al jierren nei foarstellingen fan Tryater, of jim binne noch mar krekt entûsjast. Jim fiele jim belutsen by ús as makkers, mei de tema’s dy’t Tryater oansnijt. Dan kinne jim ek Freon fan Tryater wurde!

Freonen

As Freon krije jim koarting op de foarstellingen, mar wat belangriker is: jim stypje Tryater om troch te gean mei it ûntwikkeljen fan Frysk(talich) teater. De Freonebydrage is € 20,-  (jildich foar twa persoanen)  per seizoen, mar mear mei ek.

  • programmabrosjuere fan Tryater
  • twa kear per jier de Freone-nijsbrief
  • koarting op (hast) alle foarstellingen
  • spesjale Freone-aktiviteiten
  • kollektiviteitskoarting by De Friesland Zorgverzekeraar

Freonen XL

Wolle jo Tryater eins wol wat ekstra stypje? Dat kin! Wurd FreonXL en stypje ús mei in ekstra bydrage. Jo krije dan boppe op de foardielen fan de Freonen ek noch ien kear yn it jier fergees tagong ta ien fan de try-outs yn de eigen teaterseal fan Tryater oan de Oostersingel yn Ljouwert.

  • programmabrosjuere fan Tryater
  • twa kear per jier de Freone-nijsbrief
  • koarting op (hast) alle foarstellingen
  • spesjale Freone-aktiviteiten
  • kollektiviteitskoarting by De Friesland Zorgverzekeraar
  • ien kear per jier fergees tagong ta ien fan de try-outs yn de eigen teaterseal fan Tryater

Skinkingen

Tryater is as kulturele ynstelling kwalifisearre as ANBI, in algemeen nut beogende instelling. Der binne yn Nederlân in protte stichtingen en ferieningen dy’t har ynsette foar it goeie doel. By in ynset fan minimaal 90 prosint foar in algemien nuttich doel, kin de belestingtsjinst sa’n organisaasje offisjeel oanmerke as in ANBI.

Mear ynformasje oer de Geefwet is digitaal werom te finen as ûnderdiel fan de Belastingwet 2013, under oaren op de webside fan Daargeefjeom of de webside fan de Rijksoverheid.