[foto]

As Freon fan Tryater kinne jo, lykas de meiwurkers fan Tryater, ek yn 2016/2017 wer profitearje fan de kollektiviteitskoarting op jo soarchfersekering by De Friesland Zorgverzekeraar. Alle moannen wer koarting op jo preemje.

Beide Fryske organisaasjes beskôgje mekoar as maatskiplike partners dy’t har ynsette foar in sterke maatskippij mei romte foar lichaamlike en geastlike sûnens.

De foardielen fan De Friesland Zorgverzekeraar:

  • 7% koarting op jo basisfersekering (ek foar jo húshâlding)
  • 9% koarting op jo oanfoljende fersekeringen
  • 10% koarting op jo reisfersekering
  • Mooglikheid om it ferplicht eigen risiko yn terminen te beteljen
  • Jo rekkens wurde útbetelle binnen 10 wurkdagen
  • Fergees it sparprogramma brûke: Fan van Fit

    De Freonen dy’t al gebrûk fan meitsje fan de kollektiviteitskoarting hoege neat te dwaan, foar harren rint de besteande regeling troch.

As jo noch net fan dizze regeling gebrûk meitsje, kinne jo foar 1 jannewaris 2017 oerstappe nei De Friesland. Op http://www.defriesland.nl/collectiefverzekerd kinne jo sels jo preemje mei koarting berekkenje. Jou oan dat jo Freon binne fan Tryater: kollektiviteitsnûmer 363801 of ‘Stichting Freonen fan Tryater’.

Wolle jo graach mear witte dan kinne jo kontakt opnimme mei De Friesland Zorgverzekeraar. Dat kin telefoanysk op 058 – 291 31 31.

Partikulier

Jim geane al jierren nei foarstellingen fan Tryater, of jim binne noch mar krekt entûsjast. Jim fiele jim belutsen by ús as makkers, mei de tema’s dy’t Tryater oansnijt. Dan kinne jim ek Freon fan Tryater wurde!

Freonen

As Freon krije jim koarting op de foarstellingen, mar wat belangriker is: jim stypje Tryater om troch te gean mei it ûntwikkeljen fan Frysk(talich) teater. De Freonebydrage is € 20,-  (jildich foar twa persoanen)  per seizoen, mar mear mei ek.

  • programmabrosjuere fan Tryater
  • twa kear per jier de Freone-nijsbrief
  • koarting op (hast) alle foarstellingen
  • spesjale Freone-aktiviteiten
  • kollektiviteitskoarting by De Friesland Zorgverzekeraar

Freonen XL

Wolle jo Tryater eins wol wat ekstra stypje? Dat kin! Wurd FreonXL en stypje ús mei in ekstra bydrage. Jo krije dan boppe op de foardielen fan de Freonen ek noch ien kear yn it jier fergees tagong ta ien fan de try-outs yn de eigen teaterseal fan Tryater oan de Oostersingel yn Ljouwert.

  • programmabrosjuere fan Tryater
  • twa kear per jier de Freone-nijsbrief
  • koarting op (hast) alle foarstellingen
  • spesjale Freone-aktiviteiten
  • kollektiviteitskoarting by De Friesland Zorgverzekeraar
  • ien kear per jier fergees tagong ta ien fan de try-outs yn de eigen teaterseal fan Tryater

Skinkingen

Tryater is as kulturele ynstelling kwalifisearre as ANBI, in algemeen nut beogende instelling. Der binne yn Nederlân in protte stichtingen en ferieningen dy’t har ynsette foar it goeie doel. By in ynset fan minimaal 90 prosint foar in algemien nuttich doel, kin de belestingtsjinst sa’n organisaasje offisjeel oanmerke as in ANBI.

Mear ynformasje oer de Geefwet is digitaal werom te finen as ûnderdiel fan de Belastingwet 2013, under oaren op de webside fan Daargeefjeom of de webside fan de Rijksoverheid.