In foarstelling oer de ympakt fan wurk op dyn libben, wêryn’t Ljouwerters fan alle leeftiden meispylje

freed 10 maart 2017 – freed 31 maart 2017

Work work work work work

In foarstelling oer de ympakt fan wurk op dyn libben, wêryn’t Ljouwerters fan alle leeftiden meispylje.

Freegje wyldfrjemde minsken op in feestje wa’t se binne en njoggen fan de tsien sille begjinne oer wurk. Nimmen begjint fuortendaliks oer syn húsdier, politike foarkar of leafdeslibben. Wurk bepaalt ús identiteit. Mei dy konstatearring luts it jonge teaterselskip Skoft&Skiep de Ljouwerter wyk Heechterp-Schieringen yn, de wyk dy’t de reputaasje hat de earmste wyk fan Nederlân te wêzen. Yn Work work work work work toant Skoft&Skiep in nij ynsjoch yn arbeid en sinjouwing en jout in stim oan minsken dy’t net fanselssprekkend sichtber binne; minsken dêr’t in soad oer, mar net perfoarst mei praten wurdt.

Skoft&Skiep is in jong Noardlik kollektyf, besteand út teatermakkers Karel Hermans, Aukje Schaafsma en Tatiana Pratley. Yn 2014 makken sy tegearre Never walk alone as Sneak Preview by Tryater. In feestlike foarstelling oer groepsgefoel dêr’t 100 Ljouwerters yn meispilen en dêr’t sy in eigen wurkwize mei ûntwikkelen dy’t se yn Work work work work work fierder útwurkje.

Skoft&Skiep bestudearret de wrâld as amateur-antropolooch en makket foarstellingen mei in dokumintair en byldzjend karakter. It ûndersyksproses en de minsken dy’t sy tidens it foarûndersyk moetsje spylje in grutte rol yn de úteinlike foarstelling.

Work work work work work is in Satellyt; Tryater stipet Skoft & Skiep mei ekspertize en materiaal.

Kredits

Karel Hermans, Tatiana Pratley, Aukje Schaafsma | Karel Hermans, Tatiana Pratley, Aukje Schaafsma en inwoners van Leeuwarden | Aart Laferte en Gerard Jorna | Basisinkomen Leeuwarden, Meetingpoint Lifemaster, Wijkcentrum Schieringen | Stichting Bewonersbedrijf Heechterp-Schieringen en Tryater | Rianne Hogeveen | Sjoukje Werkman | Aart Laferte en Michel Bunnig | Florian Cats | Willem Luijendijk |

Parse

"Wijkbewoners participeren in engelen-theater"

— Friesch Dagblad 13 maart 2017

"Wie is Leeuwarder wijkbewoner?"

— Leeuwarder Courant 10 maart 2017

"Nieuwe kijk op zingeving en arbeid"

— Friesch Dagblad 9 maart 2017

"Theater over en met echte Heechterpers"

— Leeuwarder Courant 8 maart 2017

"Heechterp-Schieringen is niet crimineel"

— Finster op Fryslân 7 maart 2017

"Hoe is it om te wenjen yn in earme wyk"

— Omrop Fryslân 7 maart 2017