De ideale teaterjûn

tongersdei 5 oktober 2017 – sneon 16 desimber 2017

Wat jo wolle

Bestel kaarten
Yn in tiid dat alle mieningen telle en se hieltyd hurder tsjin mekoar opbotse, komt Tryater mei in passend antwurd: De ideale teaterjûn!

Fjouwer akteurs besykje út te finen wat it publyk no eins echt sjen wol. Se sille noch mear as oars alles yn it wurk sette om it publyk it nei it sin te meitsjen. De ultime romantyske leafdessêne, in klucht mei doarren, in Fryske poëzyfoardracht of spektakel; alles is mooglik. It publyk kin foarôf oanjaan wat it graach sjen wol; de akteurs sille it grif spylje.

Ynspirearre troch alle opfettingen en ideeën fan it publyk sykje de fjouwer akteurs nei de yngrediïnten foar de ideale teaterjûn. As út in toverdoaze wurde de sênes delsetten. It wurdt firtuoas, lykas in revu dêr’t fan alles yn foarby komt. En as it oan ús leit, komt dy ferlotting (mei ‘fette’ prizen) yn it skoft der ek.

Kredits

Tatiana Pratley | Wessel de Vries | Lourens van den Akker, Aly Bruinsma, Nynke Heeg, Ali Zijlstra | Sacha Zwiers | Hilbrandt |