In absurde en ek mankelike útstjerringstrip lâns de ôfgrûnen fan ús beskaving

tongersdei 25 maaie 2017 – snein 18 juny 2017

Wa oerlibbet de Skries?

Bestel kaarten
In absurde en ek mankelike útstjerringstrip lâns de ôfgrûnen fan ús beskaving

De panda hat gjin nocht om him te fermannichfâldigjen. De skries fret de rysfjilden leech. En Afrika hat honger. De bedrige greidefûgel en it útstjerrende knuffelbear steane symboal foar in stik bewustwurding fan ús minsklik tekoartsjitten. Yn ús wrâld, dêr’t alles altyd mear en mear wêze moat, spylje we in spul. En de priiswinnende fraach is: wa sil hjoed útstjerre?

De wrâld hat it der mar drok mei. We moatte de natuer yn syn hjoeddeiske foarm fuortbestean litte, want in definityf ôfskied fan libbensfoarmen op ierde rekket. Miskien om’t it in spegel fan ús eigen fuortbestean is en ús minsklik ûnfermogen om feroarje te kinnen.

De skries, de panda, Darwin, in hjoeddeiske biologe en in âldere keunstneres sûnder bern besette in stik lân. Se litte it publyk ferskillende perspektiven sjen oer hoe’t it fierder gean kin mei de wrâld, mei de skries en mei ús, de minske. Wa oerlibbet de skries is in absurde en ek mankelike útstjerringstrip lâns de ôfgrûnen fan ús beskaving.

Wa oerlibbet de skries is te sjen op Festival De Karavaan fan 25 o/m 28 maaie en tidens it Oerol Festival op Skylge fan 9 o/m 18 juny.

Kredits

Ira Judkovskaja | Aukje Schaafsma | Eelco Venema, Douwe Dijkstra | Aly Bruinsma, Douwe Dijkstra, Karel Hermans, Karlijn Kistemaker, Eelco Venema en D'Drive studenten | Elze van den Akker, Bruno Doedens (landschapsarchitect) | Domenica Tundo |