HOMSK, Skoft & Skiep, Akkers & Velden, Illustere Figuren en Heksenhamer

tongersdei 23 maart 2017

Stormram

STORMRAM is in gearwurking tusken fiif jonge noardlike teaterkollektieven.

Se ha allegear in eigen styl en wurkwize, mar wol mei in mienskiplike boaiem: Fryslân. Tryater fassilitearret de kollektieven yn de ûntwikkeling en moedigt harren oan op op eigen fuotten te stean. Fan skouboarch De Lawei krije se carte blanche om harren eigen jûn del te setten. De kollektieven binne HOMSK, Skoft & Skiep, Akkers & Velden, de Illustere Figuren en Heksenhamer.

De earstfolgjende STORMRAM-jûn fynt plak op 23 maart yn skouboarch De Lawei yn Drachten.

 

By de twadde edysje fan STORMRAM is de haadfoarstelling So happy together fan it kollektyf HOMSK. Dêromhinne wurde allerhanne kulturele amuses optsjinne yn de foarm fan ûnder oare lytse poarsjes fan de foarstelling Kingdom of Earth fan Akkers & Velden, de sjongende robot fan Illustere Figuren en de necropop fan Douwe Dijkstra en de sneue vertoning. In spektakulêr hichtepunt wurdt fersoarge troch Sytse Sneekweek mei syn fantastyske muzikale oeuvre oer fjochtsje en drinke. Om de mage te foljen binne der tematyske snacks fan snacksûntwikkelingsbedriuw De Bruine Fruitschaal.

 

EKSTRA: Der rydt om 19:45 oere in bus by Tryater, Oostersingel 70 yn Ljouwert wei nei De Lawei yn Drachten (en wer werom). Yn de bus jout Sytse Sneekweek in yntym konsert. By it keapjen fan dyn kaartsje by De Lawei kinst oanjaan ofst (fergees!) mei de bus meiwolst.

Lês mear op de Facebookside fan STORMRAM.