Kaartferkeap

Kaarten bestelle, annulearje, ruilje en ferlies

Kaarten bestelle kin online fia dizze webside. Bestelle kin ek by bekende foarferkeapplakken yn stêd en doarp. By bestellingen fia dizze webside kinne jo betelje mei  IDEAL en Podiumcadeaukaart. De  tagongskaarten krije jo oer de mail tastjoerd. Jo kinne se sels útprintsje en meinimme nei de foarstelling. Kaarten foar foarstellingen yn in skouboarch binne allinne by de skouboargen te krijen.

Slagget it net om online kaarten te bestellen? Op moandei-, tiisdei- en tongersdeitemiddei tusken 13.30 en 17.00 oere kinne jo ek kaarten by Tryater bestelle op: 058 2539550

Binne jo ferhindere? Dan kinne jo jo tagongskaarten oant uterlik ien (wurk)dei foar de foarstelling annuleare of omboeke nei in oare datum. Nim hjirfoar kontakt op mei Tryater op telefoannûmer 058-2882335 of fia kaarten@tryater.nl.Binne jo jo kaart(en) kwyt? Nim dan kontakt op mei Tryater om in duplikaat kaart oan te freegjen. Yn it gefal dat de foarstelling annulearre wurdt krije jo de kosten foar it tagongsbewiis retour. Administraasjekosten (€2,-) en portokosten wurde net werombetelle.