2017-2020

Beliedsplan Tryater 2017-2020

  • Tryater makket teater yn en út Fryslân wei foar folwoeksenen, jeugd en jongeren.
  • Wy spylje yn en boartsje mei de Fryske taal, as ynspirearjende boarne binnen de meartalige werklikheid fan Fryslân.
  • Tryater bringt in breed publyk yn de kunde mei teater. We biede in artistike ûnderfining, in iepening foar nuansearre refleksje, foar moeting, foar petear.
  • Tryater skept yn belangrike mjitte de betingsten foar in fitale, duorsume ûntwikkeling fan it kulturele klimaat yn Fryslân en de noardlike regio.

Tryater ûnderskiedt har as BIS-selskip dat woartele is yn de omjouwing.

Tryater manifestearret har as ûnderdiel fan de mienskip. Likegoed by tariedingen fan projekten as nei ôfrin fan foarstellingen geane we petearen oan. Troch dat kontakt en fia edukaasje- en partisipaasjeprogramma’s soargje we foar belutsenheid en ferdjipping.

Utsein yn teaters sykje we publyk op yn direkte omjouwing, lykas yn doarpshuzen, sporthallen en skoallen. Mei lokaasjefoarstellingen nûgje we minsken út har wenomjouwing as nij te ûnderfinen.

It teatraal stim jaan oan de Fryske taal is wêzentlik foar Tryater. We binne foarútstribjend belutsen by it petear oer it Frysk dat yn de provinsje fierd wurdt. It  spyljen yn it Frysk sprekt it publyk oan yn syn eigen identiteit.

Tryater nimt in grutte ferantwurdlikheid foar it kulturele klimaat yn Fryslân en foar it kontinuearjen fan ûntwikkeling fan teater. We spylje dêrta net inkeld ús eigen reguliere foarstellingen, ek skeppe we û.o. romte foar projekten dy’t net troch Tryater inisjearre en finansierd wurde, mar wol stipe. Sokke projekten dy’t ferbûn binne, neame we Tryater Satellyt.

Tryater wurket mei in dynamyske mingde pûl fan spilers: bekende Tryaterakteurs as Joop Wittermans, Aly Bruinsma en Nynke Heeg; in jonge generaasje ôfkomstich fan nasjonale teateropliedingen (Lourens van den Akker, Eva Meijering); nasjonaal bekende akteurs (Joke Tjalsma, Henk Zwart) en jonge Fryske spilers út Tryater har ynterne oplieding (Brecht Wassenaar, Romke Gabe Draaijer.)

Ira Judkovskaja nûget regisseurs út dy’t nije kwaliteiten binnenbringe en in gefoelichheid foar de Fryske omjouwing opfetsje. Sa hawwe lêsten Jos van Kan, Tamara Schoppert, Silvia Andringa en Tatiana Pratley Tryaterfoarstellingen makke. Ek wurde nije makkers foarsteld, lykas Aukje Schaafsma en Karlijn Kistemaker.

Tryater wurket gear mei in skala oan organisaasjes op it mêd fan produksje, marketing en edukaasje lykas: provinsje Fryslân, stêd Ljouwert, doarpshuzen, gemeenten, Fryske musea, skouboargen, skoallen, keunstfakopliedingen, keunstbemiddeljende ynstânsjes, (jeugd)selskippen, taalynstânsjes, boargerinisjativen en bedriuwen.

Tryater hat in sterke tradysje fan oanwêzich wêze op tal plakken yn de regio, wêrûnder yn in fjirtichtal doarpshuzen. Alle jierren geane we troch mei reizgjen by de doarpshuzen del, wêrby’t we hieltyd soarchfâldich ús oanwêzichheid op ’e nij oerwege mei it each op de omstannichheden yn in doarp. Net ús oanwêzichheid oeral, mar de kwaliteit fan ús oanwêzichheid stiet foarop.

Om ús ferskillende soarten aktiviteiten te ûnderskieden, wurkje we de kommende beliedsperioade mei oanskerpe profilen:

  • TRYATER (Tryaterproduksjes foar folwoeksenen)
  • TRYATER JONG (foar jeugd en jongeren)
  • TRYATER Satellyt (projekten dy’t troch stipe ferbûn binne oan Tryater)

Yn de ôfrûne jierren is de ynhâldlike ynteresse fan Tryater ferskood: Tryater kiest no benammen foar (polityk-) maatskiplike tema’s, dêr’t we ús earst benammen rjochten op universele inerlik-minsklike tematyk. Us ûndersyk rjochtet him no op de teatrale fertaalslach fan globale fraachstikken nei de eigen belibbingswrâld.

We wurkje mei twa begripen dy’t relatearre binne oan boppeneamde ferskowing: ‘meartalichheid’ en ‘community based theatre’.

Meartalichheid fetsje we op as it  by elkoar bringen fan ferskillende lokale en ynternasjonale boarnen, skiednissen, ferbannen en perspektiven. Yn guon produksjes sil letterlik yn ferskillende talen spile wurde, neist it Frysk. We wolle yn dizze foarstellingen de ‘Fryske identiteit’ yn in breder ferbân werjaan. We wolle it Frysk nei foaren bringe as ûnderdiel fan in meartalige realiteit.

Community based theatre brûke we foar foarstellingen dy’t ûntwikkele wurde út  ûndersyk wei binnen in spesifike sosjaal-kulturele omjouwing en dy’t fuort mei minsken út dy omjouwing makke wurde. De folgjende stap hjirby is om dokumintêr materiaal autentiker ûnderdiel wêze te litten fan foarstellingen, om tichter op de hûd fan de werklikheid te spyljen.

Tryater is fan begjin ôf oan yntinsyf ynhâldlik belutsen by Ljouwert 2018. Dêr folgje yn 2017-2019 ferskillende gearwurkingsfoarmen út: fan koproduksjes oant tematysk besibbe projekten. Ljouwert 2018 is in grutte stimulâns foar it kulturele libben yn Fryslân, in kâns dy’t Tryater benutte en stypje wol.

Talintûntwikkeling is belangryk foar Tryater:

  • Yn de kommende perioade wurde talintûntwikkelingstrajekten ynset mei twa nije teatermakkers: Aukje Schaafsma en Karel Hermans (beide hawwe ‘roots’ yn it noarden en folgen de oplieding Theatraal Performer yn Maastricht).
  • Tryater hat in ynterne oplieding foar jonge Fryske spilers fan noardlike opliedingen dy’t by Tryater mienskiplik workshops folgje, in foarstelling meitsje en meispylje yn Tryaterprojekten.
  • Tryater nimt diel oan Station Noord, it gearwurkingsferbân fan poadiumkeunstorganisaasjes yn Noard-Nederlân, rjochte op fersterking fan talintûntwikkeling troch ûnderlinge ôfstimming fan begelieding en scouting fan ‘talinten’.
  • Tryater wol har op lange termyn ûntwikkelje as hûs foar nije Fryske teaterskriuwers troch begelieding en oanmoediging en eksperimintear-mooglikheid te bieden oan skriuwers dy’t har yn it Frysk of meartalich útdrukke wolle. Skriuwers mei wa’t we starte, binne: Eelco Venema, Laurens van der Meulen, Wessel de Vries, Douwe Dijkstra.

Mei Tryater Jong wolle we jeugdfoarstellingen meitsje dy’t ferbyldingskrêft, nijsgjirrichheid en it frije tinken stimulearje. We wolle de jongste generaasjes teater belibje litte as in medium wêrmei’tst út de eigen neie omjouwing wei mei alle mooglike persoanlike en wrâldomfiemjende fraachstikken boartsje kinst.

Us doelstelling bliuwt dat elk bern yn Fryslân op syn minst ien kear yn de perioade fan it primêr ûnderwiis in jeugdfoarstelling (4+ / 8+) fan Tryater Jong sjocht.

Mei Tryater Satellyt fersterket Tryater it teaterklimaat yn Fryslân, troch nije makkers mooglikheden te bieden. Satelliten binne inisjativen fan makkers dy’t tydlik fasiliteiten fan Tryater brûke, yn petear gean mei artistike meiwurkers, saaklik advys krije en dielnimme oan de publisiteit. Satelliten binne in ynspirearjende krêft binnen it selskip. Der is hjirtroch in pûl makkers ûntstien, dy’t yn wikseljende gearwurkingsferbannen elkoar stimulearje:

  • Skoft&Skiep is it kollektyf fan Aukje Schaafsma, Karel Hermans en Tatiana Pratley rjochte op ûntwikkeling fan in eigen foarm fan community based theatre yn Fryslân;
  • HOMSK is de namme wêrûnder akteur/skriuwer Eelco Venema syn autonome artistike koers ûntwikkelet;
  • Illustere Figuren is in kollektyf fan sân noardlike ‘jonge meitsjende mannen’ dy’t eksperimintearje mei ynterdissiplinêr teater: Joachim Rümke, Raymond Muller, Tim Verbeek, Joeso Peters, Karel Hermans, Thomas van Ek en Zen Roorda.

Edukaasje: Tryater hat út it oerkoepeljende konsept ‘taal, ferhaal, ferbining’ wei edukaasjeprogramma’s ûntwikkele foar alle doelgroepen: jeugd, jongeren en folwoeksenen. Kearnidee is dat teater romte biedt om oars te tinken, mei nije eagen te sjen. We organisearje by ús foarstellingen eveneminten mei in aktive rol foar besikers. De teaterûnderfining wurdt dêrby prikeljend keppele oan persoanlike libbensûnderfiningen.

Oersjoch 2017-2020

2017

  • Reisvoorstelling
  • Wie overleeft Grutto (Oerolproductie)
  • Jeugd 4+ (Karlijn Kistemaker)
  • Jeugd 8 + (reprise: Mama Gazoline)
  • Jongerenvoorstelling (Karel Hermans en Aukje Schaafsma)
  • Satellyt (Skoft&Skiep: Schieringen/Heechterp)
  • Sneak Previews

2018

  • Dorp Europa (reisvoorstelling)
  • Wereldburgers van de Voorstreek (bijzonder project)
  • Opening Leeuwarden 2018 (groot locatie-evenement)
  • Jeugd 8+ (Tamara Schoppert)
  • Jeugd 4+ (reprise)
  • Jongeren (Parzival, Silvia Andringa)
  • Satellyt (Illustere Figuren)
  • Sneak Previews

2019

  • Reisfoarstelling
  • Jeugd 8 + (reprize)
  • Jeugd 4+ (nij)
  • Jongerefoarstelling (reprize Karel Hermans en Aukje Schaafsma)
  • Satellyt op Oerol
  • Satellyt Skoft&Skiep
  • Sneak Previews

2020

  • Reisfoarstelling (nij ûntwikkele tekst + râneprogramma oare teksten)
  • Grutmontearre lokaasjefoarstelling
  • Jeugd 8+ (nij)
  • Jeugd 4+ (reprize)
  • Jongerefoarstelling (reprize Parzival)
  • Satellyt (Illustere Figuren)
  • Untwikkelingstrajekt op Oerol
  • Sneak Previews of oanpaste opset

tryater-beleidsplan-2017-2020