In blik achter de skermen

It teaterbedriuw is in dynamysk bedriuw. In protte bart achter de skermen en bliuwt ûnsichtber, mar is lykwols tige nijsgjirrich. In rûnlieding jout in kykje yn de keuken fan it teaterbedriuw. Foar skoallen en bedriuwen, mar ek foar buertferienings of oare klubs.


Sjoch achter de skermen, stap yn de wrâld fan it teater en slút ôf mei bygelyks in kâld of waarm buffet.

Wy advisearje jo graach

Jelly Steenstra: j.steenstra@tryater.nl

Saaklik

Tryater is alsidich en kreatyf, bringt kwaliteit en is woartele yn de regio. By Tryater wurdt ‘out of the box’ tocht. Gjin see is te djip, gjin berch te heech. De ekspertize fan de meiwurkers rikt fierder as allinne de foarstellingen. Dy ekspertize wolle wy graach diele.

Sealhier & katering

In orizjinele lokaasje foar jo feest, resepsje, bijienkomst of evenemint.

In blik achter de skermen

Wy sette ús doarren iepen en litte dy nei binnen sjen yn de wrâld fan teater.

Bedriuwstreningen

Lear presintaasjetechniken fan de spilers fan Tryater