In blik efter de skermen

In soad minsken dreame derfan om akteur te wêzen. Oaren bliuwe (en sjogge) leaver efter de skermen. Sjoch ris om it hoekje fan in repetysjelokaal, rin troch de ferskate ôfdielingen, fiel oan de kostúms, ferwûnderje dy oer alle technyk en rûk oan it krekt makke dekôr.

Koartsein: sjoch en meitsje mei wat der allegear gebeurt by Tryater.


It teaterbedriuw is in dynamysk bedriuw. In protte bart achter de skermen en bliuwt ûnsichtber, mar is lykwols tige nijsgjirrich. In rûnlieding jout in kykje yn de keuken fan it teaterbedriuw. Foar skoallen en bedriuwen, mar ek foar buertferienings of oare klubs.

Kapasiteit

+/- 25 per rûndlieding

Duer

minimaal 60 minuten

Lokaasje

by Tryater

Perioade

op oanfraach, it hiele jier troch

Wy advisearje jo graach

Jelly Steenstra: j.steenstra@tryater.nl

Partikulier

Tryater is alsidich en kreatyf, bringt kwaliteit en is woartele yn de regio. By Tryater wurdt ‘out of the box’ tocht. Gjin see is te djip, gjin berch te heech. De ekspertize fan de meiwurkers rikt fierder as allinne de foarstellingen. Dy ekspertize wolle wy graach diele. Stap by ús binnen en lit jo ferrasse. Us prachtige gebou, de moaie lokaasje, de bysûndere atmosfear fan ús teaterbedriuw, de iepen kommunikaasje fan ús meiwurkers. It binne in pear aspekten fan it gehiel dat wy te bieden ha.

Sealhier & katering

In orizjinele lokaasje foar jo feest, resepsje, bijienkomst of evenemint.

Worksjops op maat

Ynspirearjende worksjops oer hoe’t je kreativiteit, taal, ferhaal en ferbylding mei elkoar ferbine kinne.

In blik efter de skermen

Tryater iepent har glêzen doarren en lit jim nei binnen sjen yn de wrâld fan teater