Worksjops op maat

‘Spelen is de hoogste vorm van onderzoek’, sei Albert Einstein. Do eksperimentearrest, ûndersikest, ferkenst grinzen en ûntdekst mooglikheden. Teater giet oer dy iepen blik, oer keunst en útprebearjen. Oer lol en lef. Teater prikkelet dyn rjochterharsenhelte, dyn ynsjoch, ferbylding, kreativiteit en dyn fermogen om problemen op te lossen.


Theater nimt dy mei yn ferhalen en prikelet dyn ferbylding.

Dat is wat wy by Tryater it leafste dogge. Ferhalen fertelle en op in magyske wize ferbining meitsje mei dysels, mei oaren en mei de wrâld. In ferhaal is foar ús brein de meast funksjonele wize fan kennis ferwurkje. Wêrom spylje wy dit ferhaal foar dy en wat hat it mei dy te meitsjen? Wat fertelt dizze foarstelling dy?

Feardichheden

Hoe learst no op skoalle? Wat hasto nedich foar dyn takomst? Feardichheden fan de 21e ieuw. Kreativiteit, kritysk en probleemoplossend tinke, nijsgjirrichheid. Teater meitsje en sjen is by útstek geskikt om dizze feardichheden te trenen. Al ús oanbod is foarsjoen fan ynspirearjend materiaal foar learling en dosint.

Priis

Op oanfraach

Wy advisearje jo graach

Jeffrey Deelman: jeffrey@tryater.nl

Edukatyf

‘Spelen is de hoogste vorm van onderzoek’, sei Albert Einstein. Do eksperimentearrest, ûndersikest, ferkenst grinzen en ûntdekst mooglikheden. Teater giet oer dy iepen blik, oer keunst en útprebearjen. Oer lol en lef. Teater prikkelet dyn rjochterharsenhelte, dyn ynsjoch, ferbylding, kreativiteit en dyn fermogen om problemen op te lossen.

Ien dei út it knisterjende libben fan in pûdsje (4+)

Lesbrief

Klik hjir foar de lesbrief

Worksjops op maat

Ynspirearjende worksjops oer hoe’t je kreativiteit, taal, ferhaal en ferbylding mei elkoar ferbine kinne.

Teater, hoe wurket dat?

Ynspirearjende worksjops oer hoe’t je kreativiteit, taal, ferhaal en ferbylding mei elkoar ferbine kinne.

Wy Spylje

Tryater ontwikkelde met Wy Spylje een toegankelijke methode en heldere werkvormen om taal, verhaal en theater in de klas toe te passen. Tijdens de speelse inspiratiebijeenkomsten bij Tryater oefen je met de methode en werkvormen.

In blik achter de skermen

Wy sette ús glêzen doarren iepen en litte dy de wrâld fan teater sjen.