De generaasje teatermakkers dy’t no tusken de tritich en de fjirtich is, hat de ôfrûne jierren flink oan ‘e dyk timmere. Guon ha as artistyk lieder it stokje oernommen fan âlde rotten, oaren ha in eigen groep oprjochte. De oanstoarmjende talinten koartwei, binne drok oan ‘e gong om de festige oarder te wurden. Hoe soest dizze generaasje neame? Bewust Naïven? Gearwurkers? Praktyske idealisten? Sy bepale no al it gesicht fan it teater en sille dat yn de kommende jierren noch folle mear dwaan.
Hoe sjocht de generaasje dat sels? Is der wol sprake fan in generaasje, fan in gefoel fan ferbûnens. En hoe oppenearret him dat?
Ira Judkovskaja (1975), artistyk lieder fan Tryater, fûn it tiid om dat ris te ûndersykjen troch in searje yntime petearen te organisearjen. Om mei-elkoar ris troch de generaasje te ‘blêdzjen’.
Op 1 novimber wie de earste moeting. Ira hat Lotte van den Berg útnoege om nei Ljouwert te kommen. Van den Berg krige yn 1991 de Top Naeff-priis as ‘bêste ôfstudearre’ oan de Toneelschool Amsterdam. In skoft wie se aktyf by ferskillende selskippen yn Nederlân en Flaanderen. Sûnt 2006 is se ferbûn oan it Toneelhuis (Antwerpen), op útnoeging fan Guy Cassiers. Yn 2009 sette se mei in eigen selskip út ein yn Dordrecht, mei stipe fan it Nederlands Fonds voor Podiumkunsten, ûnder de namme Omsk. |