BESTELLE



 
Tryaterwinkel
Foarstellings-cd fan Piter Wilkens mei ferskes út It geheim fan ‘e Kânselier

Tryater bringt yn gearwurking mei Piter Wilkens in foarstellingscd út mei ferskes út ‘It geheim fan ‘e Kânselier’. It is foar it earst dat Piter Wilkens yn in teaterfoarstelling spilet.

Hy fertolket de rol fan Bline Arend, de sjongende cowboy. Bline Arend is blyn, mar sjocht alles. Hy fertelt it ferhaal fan de foarstelling troch ferskate ferskes. De ferskes binne sammele en op cd setten.

1. Sy ha it hjir geweldich foar mekoar
2. As ik wat beloof dan doch ik dat
3. Sy geane foar mekoar troch it fjoer
4. Rekke of der neist
5. De 1e kear
6. Oant safier giet alles goed
7. Jonkje tusken de rôzen
8. Hjoed komt de merke wer werom

De ferskes binne skreaun troch Peter Sijbenga. Piter Wilkens makke de muzyk. De cd is ta stân kaam yn gearwurking mei Harry Zwerver, Peter Funcke en Tryater.

Muzikaal wurdt Piter Wilkens op de cd begelaat troch Rik Meijer op gitaar en Willo de Bildt op de bas. Nynke Heeg sjongt de 2e stim.

Prijs: € 7,50 Aantal: 


DVD 11Stêdetocht

Tryater makke yn 2008 de 11Stêdetocht . Fan dizze mûnsterproduksje is in bysûnder ferslach makke yn gearwurking mei Buro Klei. Priuw de sfear en belibje de tocht op ‘e nij!

Prijs: € 11 Aantal: 


Tekstboekje Arendz' Arends

De yntegrale tekst fan Arendz’ Arends. Remco Campert, Rients Gratama en Nico Keuning skreaunen spesjaal foar dizze útjefte in ‘tinkend oan Jan Arends’. Fedde Dijkstra hie in petear mei Jan Arendz. Arendz’ Arends is in foarstelling fan Jan Arendz, regissearre troch Rients Gratama.

Prijs: € 4,00 Aantal: 


Tekstboekje 'Eintsje libben'
Fan Eintsje Libben is yn gearwurking mei De Moanne in tekstboekje útjûn. Yn it tekstboekje is de tekst fan Rients Gratama yntegraal opnommen. Peter van de Witte, kabaretier en âld learling fan Rients, hat de oersetting op him nommen. Ek de Nederlânske tekst stiet yntegraal yn it boekje.
Prijs: € 3,00 Aantal: 


Lústerboek Liuwehert (CD)
De Afûk makke yn gearwurking mei Tryater in spannend lústerboek fan De bruorren Liuwehert fan Astrid Lindgren. Opnommen yn 2006 by Tryater yn Ljouwert, nei oanlieding fan de krystproduksje 'Liuwehert'. Mei de stim fan Jan Arendz. It boek is yn 1985 útjûn troch de Afûk, yn de oersetting fan Jante Geartsma.
Prijs: € 7,50 Aantal: 


Tryaterboek
Prachtich (foto)boek oer de fjouwer grutte lokaasjeprojekten fan Tryater: Abe!, Peer Gynt, Orfeo Aqua en Kening Lear. Foto's en ferhalen oer it ta stân kommen fan dizze foarstellingen. No foar mar 5 euro te keap fia dizze webside!

Formaat: 270x240 mm, mei hurde kaft
Tal siden: 64 (full color)
Tekst: Bouke Oldenhof
Foarmjouwing: Gert-Jan Slagter
Prijs: € 5,00 Aantal: 


Lytse Fûgel CD
Dizze programma-CD bestiet út in boekje mei prachtige foarstellingsfoto's en in CD mei de lieten dy't Lytse Fûgel (Nynke Laverman) sjongt tidens de foarstelling:

Marilyn Monroe I wanna be loved by you (1.03 min.)
Amália Rodrigues Uma Casa Portuguesa (1.10 min.)
Willeke Alberti Spiegelbeeld (1.30 min.)
Mercedes Sosa Todo Cambia (1.46 min.)
Kate Bush Wuthering Heights (0.44 min.)
Edith Piaf Non, je ne regrette rien (2.19 min.)
Prijs: € 2,50 Aantal: 



 


08
05
Tryater alfêst op nei Oerol!
Begjin dizze wike binne de spilers, regisseur en technisy fan Tryater mei in boat fol caravans en materiaal ôfsetten nei Skylge: it begjin fan de repetysjeperioade fan HJIR!, de foarstelling dy’t Tryater dit jier op Oerol meitsje sil.
03
05
Tryater ferommet de blik
Goethe skreau ea dat in mins twa dingen nedich hat om ta geastlike waaksdom te kommen: woartels en wjukken. It is in metafoar dy’t Tryater brûkt yn it beliedsplan foar de kommende keunsteperioade (2013-2016).
01
05
Lêste foarstelling fan It geheim fan 'e Kânselier hat west
De lêste foarstelling fan It geheim fan ‘e Kânselier wie snein 29 april yn Koudum. De spilers en meiwurkers fan Tryater sjogge werom op in moaie foarstelling foar jong en âld. Tige tank foar jo komst!